Actueel

Ferbining

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


Yn de tsjinst fan de startsnein is der aardich wat aksje foar it team efter de desk. Mikrofoanen wurde oars brûkt, der steane in soad ferskes op’e liturgy en Blaast de Bazuin jout in hiel oar byld as it tsjerke-oargel. In soad ôfwikseling, in soad wurk efter de desk: it is feest yn’e tserke.

Anne-Willem freget de gemeente om oan’e ein fan de tsjinst ûnder de segen inoar in hân te jaan om de ferbûnens fan tegearre gemeente wêzen te uterjen. Op dat momint binne beamer- en kamerabetsjinning noch drok dwaande en kin dêrtroch net meidwaan oan dit prachtige ferbinende barren.

De koster, dy’t ek efter de desk sit en syn hannen wol frij hat, sjocht dit en lost it leafdefol op. Hy giet op’e knibbels tusken beameraar en kameraman yn sitten en slacht syn earms om harren hinne. Sa binne sy dochs tegearre ien yn de namme fan Jezus.

Back To Top