Sjonge yn Ljouwert
31 juli om 00.00 uur
De YKFE, de Yntertsjerklike Kommisje foar it Frysk yn de Earetsjinst, organisearret alle jierren in sjongmiddei mei lieten út it tsjerklike lieteboek Sjonge en bidde thús en yn tsjerke. Dit jier krijt de middei in bysûnder karakter. Der wurdt nammentlik spesjaal omtinken jûn oan de op ’e nij út te bringen bondel De gitaar by it boek fan Fedde Schurer. In grut part fan de lieten dy’t songen wurde, komt út dizze bondel.
De nije printinge fan De gitaar by it boek sil kommende hjerst ferskine en wurdt op snein 15 novimber offisjeel oanbean yn de Grutte- of Jacobinertsjerke fan Ljouwert. By dy gelegenheid wurdt ek stilstien by it feit dat it dan 75 jier lyn is dat Kneppelfreed plakfûn.
Foar dit projekt siket de YKFE sjongers dy’t graach meidwaan wolle. Der wurde twa repetysjes organisearre, op 24 en 31 oktober fan 10.00 oant 12.00 oere, yn Nieuw Perspectief yn Hurdegaryp. De muzikale lieding is yn hannen fan Bob Pruiksma en Geart van der Heide.
Wa’t meidwaan wol, kin him of har opjaan fia info@ykfe.frl. Nei oanmelding wurdt de muzyk tastjoerd. Graach opjaan foar 30 july, mei fermelding fan de stimsoart: sopraan, alt, tenoar of bas.
De sjongmiddei wurdt hâlden op snein 15 novimber yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. Foar dielnimmers binne der gjin kosten oan ferbûn.