Sjonge yn Burgum
26 oktober om 15.30 uur

Op snein 26 oktober is der in sjongmiddei yn de Krústsjerke fan Burgum. De organisaasje is yn hannen fan de YKFE, de Yntertsjerklike Kommisje foar it Frysk yn de Earetsjinst. Der wurde lieten songen út it Fryske lieteboek Sjonge en bidde thús en yn tsjerke. Meiwurking is der fan it Burgumer manljuskoar IBM û.l.f. Caroline van der Laan. De oargelbegelieding is yn hannen fan Geart van der Heide en Bob Pruiksma. Fan 15.00 oere ôf binne de tsjerkedoarren iepen en it programma begjint om 15.30 oere. Om likernôch 17.00 oere sil it ôfrûn wêze. Der wurdt soarge foar in boekje wêr ’t de te sjongen lieten yn steane en de tagong is fergees. Wol is der in kollekte by de útgong. Elts dy’t graach sjonge mei is fan herte wolkom.