Tsjerkepaad – Hûs Fan Stilte
29 augustus om 13.30 uur
Lit ús in hûs fan stilte bouwe. Dit is de 1e rigel út in gedicht fan Tsjits Peanstra dat dizze simmer mei in pear oare gedichten te lêzen is yn ús Doarpstsjerke. Fanwegen Tsjerkepaad is de Doarpstsjerke op saterdei in oantal kearen iepen. Minsken kinne komme om de tsjerke te besjen, de gedichten te lêzen, der wat oer te mimerjen, de skilderijen yn harren omgean litte en sa efkes stil te wêzen yn in hûs fan stilte. Der binne ek gedichten te lêzen fan Fedde Schurer en Eppie Dam. De lêste is koartlyn ferstoarn en yn tsjerklik fermidden benammen bekend wurden troch syn ferzje fan het Onze Vader, it Us Heit: God fan fier en hein ús Heit. Dizze tekst is ek yn de Doarpstsjerke te lêzen.
De Doarpstsjerke is iepen op saterdei 18 july en op saterdei 1, 15 en 29 augustus fan 13.30-17.00 oere. Op 29 augustus wurdt Tsjerkepaad 2026 sjongenderwize ôfsletten. Fan 16.30 oere ôf wurde der dan ûnder lieding fan Geart van der Heide lieten songen út De gitaar by it boek fan Fedde Schurer. Elts dy’t graach sjonge mei kin meidwaan.