Actueel

Sjonge foar alle leeftiden

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


Al in oantal kearen hat bliken dien dat der aardich ferlet is fan in oerke tegearre sjonge. Alle keare wer komme der aardich sjongers ôf op de moandeitemiddei dy’t Trijntje Klok yn De Bining organisearre hat wêrby ’t sy efter in keyboard sit en sjongboekjes útdield hat.

It binne foaral grize kopkes dy’t rûn de taffeltsjes sitte te sjongen, ek wol in bytsje te ferwachtsjen sjoen de tiid dat dizze aktiviteit hâlden wurd. Inkelde de measte oanwêzigen binne de tachtich al passearre… Elkenien sjocht dan ek in bytsje op as der in jongkeardel binnen stapt.

Trijntje liket in momintsje fan har apropos, mar ferhellet al gau wer en hjit de jongkeardel – dy’t efkes delkomt om in foto te sjitten – wolkom. “Uuh ja, it is fansels foar alle leeftiden, gean sitten. Wolkom!” Dus ek foar de jongerein: bist in kear frij en hast nocht oan meisjongen, it is foar alle leeftiden.

Back To Top