Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.
De lektor wie noch mar kwealik útein set mei de skriftlêzing doe’t de beamerman ferskrikt om him hinne seach. De tekst dy’t hy mei de spiksplinternije beamer op it spiksplinternije skerm fertoane, kloppe net mei de tekst dy foarlêzen wurde en dan sit de beamerer of de lektor ferkeard.
It duorre net lang of dêr stie de dominy efter de lektor: dit doocht net, dit is de ferkearde Psalm. Nei wat bledderjen yn de Bibel koe de lektor opnij begjinne, no mei de goeie tekst. De beamerman siet der klear foar, hy hoegde allinnich mar op ‘live’ te drukken.
Efter de technyske desk koene de mannen – nei in pear spannende sekonden – der wol wer om laitsje. “Tsja”, sa flústeren se doe’t de lektor efter preekstoel weikaam. “No hawwe wy in prachtich moaie nije beamer byinoar sparre, no binne wy ek hast ta oan het oanskaffen fan in spiksplinternije lektor.”