Actueel

Pianoman

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


Wat is hier gebeurd?” Al in moai skoft komme der út’ e tsjerkeseal ientoanige klanken fan’e piano, sa fan: ‘ping… … ping, ping, ping’ en dan hieltyd mar wer efterinoar oan en sa fan elke toan tsientallen kearen. De pianostimmer freget him – oan net ien yn it bysûnder – ôf hoe’t dy kofjeplak yn de klankkast dêr komt. Syn fraach bliuwt ûnbeäntwurde, want de persoan dy’t mear fan dit foarfal wit, is dochs net oanwêzich.

Undertusken fertelt de pianostimmer entûsjast oer de wurking fan de piano, fan de ynfloed fan de temperatuer oant de enoarme krêft dy’t stiet op elke snaar. Hiel ynteressant allegearre en as hy tusken alle ferhalen troch ek efkes neamt dat dit soad fan fleugelpiano’s sa’n fjirtichtûzen euro kostje, sjogge de omstanners inoar wat ferbjustere oan. Miskien moatte de bespilers fan it ynstrumint ûnder de repetysjes de kopkes kofje tenei mar op in oar plak delsette.

Back To Top