Actueel

Sjitbedsje

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


De lektor hie de bibellêzing fersoarge en oankundige dat no lied 644 song wurde soe. Yn in flits sjocht de beamerbetsjinner dat dit net doocht, der stiet dochs dúdlik 664 yn syn skerm. Mei triljende hannen siket hy yn rap tempo ûnder it foarspul om it júste ferske, mar hastigens is nea goed.

De oargelist set it lied al yn, mar de tekst ferskynt net op it skerm. De gemeente bliuwt stil of reauntet wat en sjocht fansels efterom. De beamerman stowt de trap op om jins ried te ’n ein oan de oargelist troch te jaan dat it spyljen wol ophâlde kin.

Under de preek hat hy al gau yn’e smizen wat’r fergetten is as de dûmny in metafoar brûkt oer in sjitbedsje. Hjir har ‘r net oan tocht, efkes in rop om help mei in koart gebedsje wie wierskynlik al genôch west om dochs op tiid te wêzen.

Back To Top