Actueel

Behelpsum

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


De man fan de technyk moast noch efkes in pear minútsjes foar de tsjinst nei de galery foar in hanneling. Under oan de trap stie in jonge frou mei in lyts berntsje dy’t der yn syn eagen nochal ûngemaklik by stie, it wy krekt lykas sy it popke falle litte soe.

“Wol it wat slachje?”, sa freegje hy behelpsum, mar hy hoegde noch mar ien stap fierder te dwaan om sels it antwurd op de fraach te sjen: de frou stie har berntsje boarstfieding te jaan. Tsja, dizze berntsje lûke harren neat oan fan iterstiid of tsjerketsjinst, dy wol ite as sy nocht hawwe.
“Uuh… o… sorry”, sa ferûntskuldige hy him en run fuortdaliks mar troch de trap op. “Ik bin net sa skrupel hear”, sa fertelde sy nei de tsjinst doe’t hy dochs noch efkes in soad fan ekskuus meitsje woe. Se koene der noch wol efkes om laitsje.

Back To Top