Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.
Ut en troch bart it wol dat der ris in gemeentelid net goed wurdt ûnder de tsjerketsjinst. It is dan foartdaalks alteraasje, want elkenien wol witte wat der bart en der steane oeral wei minsken op om help te bieden.
Dit binne faaks de minsken dy’t wat mear medyske kennis hawwe en yn’e regel is hjir wol in team gearbrocht mei aardich kennis fan saken. Sa sieten der okkerdeis in IC ferpleechkundige, in gynekolooch, in ferpleechkundich spesjalist en in SEH-arts rûnom in gemeentelid dat wat flau wurden wie.
Foardat de sikewein teplak is, is der dan meastentiids wol aardich yn byld hoe’t de saken der foar steane en is de earst nedige help wol bean. Dit team is fansels net altyd paraat by alle tsjinsten, mar de kâns dat der altyd wol ien oanwêzich wêze sil is grut en sa jild ek hjir: gjin soargen foar de dei fan moarn.