Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.
“Tinkst der al om dat jimme de sjoelbakken rjochtop hâlde, want oars giet it raar”, sa wurdt yn’t sin brocht hoe’t it foarich jier gong is. Foar de aktviteit Soep en Sjoelen dy’t wy doe yn De Lantearne organisearre hiene, moasten der seis sjoelbakken út it Feansterhiem komme – sa’n twahûndert meter fierderop. No, dat eintsje koe wol e es rinnendewei, yn de auto binne dy lange gefallen ommers ek hast net te ferfieren. In pear kear hinne en wer rinne mei in sjoelbak ûnder de earms en dan wie dat wer klear. Mar ja, dan moatst se wol rjochtop hâlde. Derick die dat ûnder it rinnen net hielendal en doe skeat it klepke der foar wei: alle sjoelblokjes fleagen oer de Jan Binneslaan en dan steane hja wol wat mei de hannen yn it hier mei twa bakken ûnder de earms: it ferkear wie hielendal ûntregele. Dit jier gong it goed.