Actueel

Rezjy

Geplaatst op

Dick Kooy is skriuwer en aktyf efter de skerms yn de tsjerke. Hy dielt graach wat fan syn ûnderfinings mei de leden fan de gemeente.


Foar de tsjinst spilet Blaast de Bazuin, it is healwei tsienen en de kosten stiet klear om de klok te lieden. De kameraman is klear foar it iepeningsshot, de beamerman sit klear foar de meidielings en de tsjerkeried stiet klear om nei binnen te gean. De dirigint hâld in momintsje stil, sjocht efkes efterom, mar der bart neat.

De tsjerkeried treuzelet en dan wit de dirigint it ek net mear en begjint mar te spyljen mei it yntochtliet. De earste regels wurde lykwols net meisjong, want de beamerman wachtet op de tsjerkeried en hat wat oars yn it skerm stean.

In pear sekonden letter is der wol tekst op de muorre, wurdt der meisong en paradearret de tsjerkeried nei binnen. De lektor is no nei de meidielingen efkes it paad bjuster, want it oankundigjen fan it yntochtlied hoecht no ommers net mear. Somtiden is in regisseur net oerstallich yn’e tsjerketsjinst.

Back To Top